Tusken twa planeten


Omschrijving:

Tusken twa planeten is it tolfde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Deryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in underdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze kreften, Bertekreft, Kreftfjilden, Kreft fan it folk en Mei gidsen nei hichten wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren of (1944) oant en mei 1996. Yn Tusken twa planeten ferkeart de ierde noch yn in primitive faze. De jonge geitehoeder Mardoek makket de laning mei fan in romteskip fan de tolfde planeet. Hy wurdt troch de astronauten meinommen nei An. Op dizze planeet is de tsjinstelling tusken twa steden grut. Ansted hat in hege technologyske untwikkeling trochmakke, wylst Altersted noch yn de ambachtlike faze ferkeart. Mardoek komt yn oanrekking mei sawol wittenskiplike as religieuze ferdwazing.

    EAN Code:
  • 9789464248357



Webwinkel: BookSpot
 
Prijs: € 8.95
 

©2022 Grote keuze op Abonnementengids.nl | Privacy statement