De flecht fan Victor


Omschrijving:

It liket in gewoane dei te wurden. No ja, Ale Alema is sunt koart oan 't sporten en dat is foar him ungebruklik. En dat syn kollega's iderkear oer syn pensjoen begjinne, noasket him mar min. Mar op it buro hearsket de wenstige drokte. Apps tingelje, de telefoan giet in kear of trije oer en nijsgjirrige mails freegje Ale syn omtinken. Hy giet mei Wytske nei de famylje Pintano yn Aldskoat, der't in wike lyn dochter Tine fan ferdwun is. Heit is troch alles hinne, mem liket kalm. Dyselde dei noch stapt Tine fleurich de keamer wer yn. Noch gjin fjouwerentweintich oeren letter binne se alle trije fermoarde. Wat hat de soan dy't op dat stuit net thus wie hjirmei te meitsjen? En wa is dy alde frou mei in gewear dy't it ynienen op Ale fersjoen hat? Dit is it sechsde boek yn in rige flotte en fermaaklike plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol.

    EAN Code:
  • 9789463653008



Webwinkel: BookSpot
 
Prijs: € 6.50
 

©2022 Grote keuze op Abonnementengids.nl | Privacy statement